Kweapraat 2022 (20)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 11, 2022 21:51

Kweapraat 2022 (20)

Kweapraat 2022 (20)

Noch in pear nachten sliepe en der kin ek wer in kras troch it keatsseizoen 2022. Om mar mei it goeie te begjinnen…der koe wer folop keatst wurde nei de rampjierren mei koroana. Dat is moai mar der binne noch folop saken wêr’t de goegemeente fan de bond noch wol efkes nei sjen mei. Dan begjin ik mar mei it feit dat der op dit stuit gjin kommisje mear is dy’t tafersjoch hâldt op it hâlden en kearen oangeande de moffen. Want dat rint sa njonkenlytsen gierend út de klauwen. Yn Marsum kaam ien my op ‘e lije side mei it ferhaal dat in tredde fan de moffen net doocht. Der soe wiidweidich knoeit wurde. No is dat net nij want ‘gelegenheid maakt de dief’dat wie sa en dat sil ek wol sa bliuwe. De keatser en keatsster wit dat der net mear kontrôleare wurdt en hja dan binne guon los fan God om samar te sizzen. It is altyd bart en it bart no ek wer op grutte skaal. Dat der dan ek noch HB-leden binne dy’t dat net wisten. Ik tink dan: of se komme net mear bûten of se libjen ûnder in stien. Je moatte al bot lêst fan it gehoor hawwe oars soenen je merke kinne dat it slaan mei de mof hieltyd lûder wurdt. As je no efter de krite sitte mei je hast by guon keatsers wol wat watten yn ‘e earen dwaan oars soenen je wol hast dôf wurde kinne sjoen al dy hurde klappen. Mar dit raast dochs oan ‘e protters. Mar sis ik dan: eigen skuld dikke bult!

Yn 2021 lit de kommisje belêst mei de kontrôle fan moffen oan de bond witte dat hja it net mear sitten sjogge as de kommisje net mear minsken taskoot krijt. Hja binne mei syn trijen en dat is te min. Yn 2021 moatte se hast eltse wiekein der op út en dat wolle se net mear. It fersiik wurdt del lein by ús direkteurke en hy mei der mei oan’e slach want dat is syn putsje. Mar ús warbere direkteurke seach der nei…skodde twa kear mei de kop en hat der neat mei dien. Dus by it begjin fan it nije keatsseizoen wie der gjin kommisje mear dy’t tafersjoch hâlde op ‘e moffen. Tidens de PC soe ús direkteurke efkes foar best opslaan en liet witte dat der op de 169ste PC kontrolearre wurde soe. Ik tink dan: efkes de gebraden haan úthingje! No moai net want de trije sterke kommisje sei: dat dogge wy net! Gelyk hienen se! Mar no blykt dat de bond him sels aardich yn ‘e bokse oan it pisjen is want de keatsers sjogge harren kâns om sels of troch in tredde harren mof op te poetsen. Sis mar der in wapen fan te meitsjen wêr’t je maklik in bolle mei dea slaan kinne. Dat kin dochs noait de bedoeling west hawwe. Dan praat ik mar net oar keatssters dy’t twa deselfde moffen hawwe. Hoe kin dat? Wer is it hjir mis gongen? Fertel dat ris! Bin ik tige nijsgierig nei!

Mar goed yn Marsum waard twa dagen keatst. Sneon de froulju en snein de manlju. Om mar efkes mei de froulju te begjinnen. Moandei in dei foar de lotting stienen der 25 froulju op ‘e oanjefte. Tiisdei nei de lotting wienen dat der noch 20 en 18 froulju kamen op ‘e list. Dat foel kv Foarút rauw op’e mage. Mar 18 froulju werfan ek noch twa net opkamen. De skiedsrjochter woe mar efkes bylotsje mar hy koe witte dat soks net kin en ien fan’e dyk helje mocht ek al net. Ja, ja dy regels fan ús bond se binne talryk mar hawwe je der wat oan? Dat is in oar ferhaal! Mar goed it is sa’t it is. Marsum hie witte kinnen dat de bond anno 2022 sels de froulju haadklasse dy’t heech yn ‘e ranking stean sels op de oanjefte sette…mar dat wol net sizze dat dy froulju de sneon derop ek keatse. Nee, dus! Mar dat wist Marsum wer net. Sjoch, de bestjoerders fan hjoeddedei wurde foar sa’n wiekein ynhiert en witte net fan regeltsje sus of regeltsje sa. Dat moatte je ek net wolle. Sy swoargje derfoar dat sa’n wiekein noch bestean kin yn dizze drokke tiid. De bond soe harren folle mear by de earm nimme moatte en tekst en útlis jaan wêr’t nedich. Mar fanôf freedtomiddei fjouwer oare oant moandeimoarn njoggen oere binne de linen dea by de bond. Rêdt je sels mar!

Trouwens de winner wie by de lotting al bekend! Ilse, Manon en Gerde…hoe betinke je it! Spiker koe alfêst yn ‘e muorre slein wurde. Wie dat mar klear!

Snein wie de winst yn Marsum foar de oranje brigade mei in geweldige Gert-Anne van der Bos yn de haadrol. Ik siet efter de krite en seach hoe’t de ballen alle kanten út fleachen. De tsjinstanner koe der dan ek neat mei. Foar Gert-Anne wie it syn 155 ste oerwinning yn de haadklasse en syn 75 ste keningskip. Boppedat behelle hy syn 650ste punt yn it klassemint alle tiden en de ein is noch net yn sicht. Gert-Anne hat himsels wer op ‘e nij útfûn en dat binne der net safolle dy’t dat sizze kinne.

Foar de oranje brigade wie it tige sneu dat trije slagen foar de ein Taeke Triemstra útfalle moast mei in ferfelende ankel blesseure. Gelokkich hat hy de tiid om wer klear te wêzen foar it nije keatsseizoen 2023. Hendrik Kootstra hat goed trije minuten yn it fjild stien en seach dat Erwin mei syn opslach en Gert-Anne mei twa ferwoestende opslagen de winst binnen helle. De foarsitter Leendert van Wieren hie it oer twa punten foar Taeke en ien foar Hendrik. No dat is te folle fan it goeie Leendert! Trije punten foar Taeke en in lytse fergoeding foar Hendrik…sa is it en net oars. Sa barde it ek yn Makkum doe’t Dylan net fierder koe en ea in tiid werom yn Frjentsjer doe’t Gerben Okkinga net fierder goed. Doe wie de krânse foar Wietse Herrema fan kv Onderling Genoegen út Huzum mar de punten wienen foar Gerben. Moat net gekker wurde! 

Oant in oare kear!       

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 11, 2022 21:51
Write a comment

2 Comments

  1. Huzumer september 20, 00:19

    De krans voor Herrema was in Tzummarum!!!!

    Reply to this comment
  2. Leendert van Wieren maart 11, 16:37

    Hallo Jan
    Toch even een reactie op Kweapraat 20.
    Ondergetekende vertelde bij de prijsuitreiking in Marsum, dat Teake er weer 2 punten bij heeft gehaald.
    Dit voor het punten klassement, allertijden.
    Dus geen 3.
    Persoonlijk had ik natuurlijk deze sympathieke kaatser echter wel 3 punten gegund.
    Echter Teake heeft de wedstrijd helaas niet uitgespeeld.
    Dit zijn nu eenmaal de ( spel) regels.
    Echter Jan tikte in Kweapraat 20 dat ik ongelijk had.
    Dat is dus onjuist vermeld.
    Dit wilde ik even kwijt Jan.
    Het ga je goed.

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel