Kweapraat (2022) 19

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 4, 2022 21:16

Kweapraat (2022) 19

It keatsseizoen 2022 rint nei de ein mar dat wol net sizze dat de strik al om it seizoen 2022 kin. Dat kin fansels wol mar dan soe ik oan in oantal saken foarby gean dy’t noch wol efkes op it skyld tilt wurde meie. Dan mar begjinne mei it feit dat de epoksy wer werom is op de Fryske keatsfjilden. Hoe’t ik dat wit…no as je in middei lâns de kant fan it keatsfjild sitte dat kin it je amper ûntgean safolle lûd makket de mof as der wer in bal oer de boppe ramt wurdt. Net in bytsje boppe mar gewoan oergriislik fier fuort en dat ek noch mei de kop yn ‘e wyn. In blyn en dôf hynder kin dat noch sjen en hearre!

Yn de finale yn Penjum wie it plok plok plok! Mar wat wolle je ek…alles is dochs frij litten sûnt 2022. De moffenkommisje hat de kuierlotten nommen omdat de mannen en frou sa net mear wurkje woenen en koenen. De bond stie der by en seach der nei en liet alles op syn berin mei alle gevolgen. As der gjin kontrôle mear is dan is dat in frijbrief om te knoeien. Dat is al sa âld as der keatst wurdt. De rannen fan wat wol en net kin wurdt fansels opsocht en yn dizze tiid mei in fûgelsjeman as direkteurke is de knoeiende keatser fan God los. Yn Penjum gong ik werom yn de tiid dat ik foar earst dy lûden hearde. Myn broer Siep wie der skerp yn. Hy wie der wis fan dat dat lûd op ‘e PC fan 2004 foar it earst te hearren wie en letter kaam dat lûd hieltyd tichter by.

De klap fan de mof weryn epoksy ferwurke is klinkt oars as mei in gewoane mof. Komt noch by dat der allemachtich fier boppeslein wurdt en der wurdt ek allemachtich in soad kwea slein. It ien slut it oare net út. No, is de fraach moat de bond der ek wat oan dwaan? Ik fyn fan wol want de mof is sa wer in mof wurden wêr’t je in bolle sa mei dea slaan kinne mar yn myn eagen heart sa’n mof net thús op de Fryske keatsfjilden. Mar sa lang der gjin kommisje mear is dy’t tafersjoch hâldt sil der noch folle mear knoeid wurde omdat de keatser no in frij brief hat. Miskien in putsje foar Coos en Bouwe it nije bloed yn it HB….mar dan wol komme fansels…en leafst in pear partijen efter elkoar en dan fan begjin oant de ein. Oars hat it gjin doel! 

Yn Penjum wie de priis foar Steenstra-en-dy mei Tjisse as kening. Dan kin fansels mar snein koe dat net derfoar wie Tjisse net goed genôch. Dy eare wie foar Hans Wassenaar wei lein mar de keningskommisje yn Penjum hie blykber wat oars sjoen of je kinne ek stelle dat de kommisje te lang yn ‘e sinne sitten hat oars hienen se it wol oars dien. 

Yn Penjum wie it ek wer dikke mik mei in oantal beslissingen fan de skiedsrjochter. Wat dan opfalt dat Wierstra want der gong it om hast oardel oere frij nimt om mar net yn it fjild te stean as partoer Bauke Triemstra wer keatse moat. Dat fyn ik frjemd om my mar seft út te drukken. Dat jouwe je dochs oan dat je der yn begjin fan harren partij yn de earste omloop der goed njonken sieten oangeande in beslissing mei wol of net in bûtenslag. Troch ek net yn te grypen by de ferbale oanfal fan in keatser makket dat je as skiedsrjochter sjoen binne foar sa’n dei. De keatser wa’t it ek is fielt dat en jo binne as skiedsrjochter sjoen foar sa’n dei. Dat is spitich mar it is wol de wierheid. Keatsers binne krekt as hinnen as se bloed sjogge wurde se wyld! 

Krekt nei de frouljus-PC makke Nynke Sijbrandij bekend dat se de mof oan de wilgen hinget en der dus mei stopt. Dat makke de wei frij foar Ilse Tuinenga om nei trije jier no wol yn te stappen by Manon en Marrit. Bestjut wol dat it frouljuskeatsen no ophongen wurdt oan ien partoer. De lûden fan dat falt wol wat mei slaat nearne op. Ilse, Manon en Marrit sille alles wat los en fêst sit op de frije formaasje partijen winne. No wie it al sa dat sawol de Ilse-en-dy en Nynke-en-dy rûchwei al harren wedstriden tsjin de froulju haadklasse útsein de wedstriden ûnderling mei 5-0 en 5-1 wûn hawwe. Wy prate dan oer pak ‘em 85% fan de wedstriden. No wurdt dat iene partoer noch sterker en sil it noch heger útfalle. Mar ik kin de trije froulju neat kwea of nimme want sa wurket dat no ien kear yn keatsend Fryslân. 

Oant in oare kear!      

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 4, 2022 21:16
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel