Kweapraat (2022) 18
Related Articles
Keatslân like dizze wike wol yn ‘e brân te stean. Nei de 46ste Frouljus-PC gong it der om wei. As je der sels by west hawwe dan leauwe je it pas. It begun te let yn Weidum en it wie ek te let dien. Werom net gewoan om tsien oere begjinne…dan binne je seker om seis oere klear en kin de media noch yn tiid suyn ding dwaan. Dat de hage ek dit jier wer nei de reade brigade gean soe stie net fest mar it hie wol in grutte kâns fan slagjen omdat der út in oantal fan 16 wedstriden der tsien wûn wienen. De oare seis wienen foar it partoer fan Ilse Tuinenga-enhj-die. It lot hie bepaald dat beide formaasjes elkoar yn de twadde omloop treffe soenen. Dat koe net oars! No it waard in spektakel! De stikken fleachen der fan of…mar der barde mear.
Op 1-1 en 6-6 foel de bal fan opslager Nynke Sijbrandij wol in hanbreed foar de krite del mar hy waard yn jûn troch âld-keatsster Joke Koldyk. Dat seach ik omdat ik op desefde hichte siet fan de foarline. Ik seach dat net allinne mar dat makket neat út. Ik seach dat en ik seach dat Joke ito ars sjoen hie. Dat kin…mar dat ferlet net dat ik skriuwe mei oer dat wat ik sels sjoen haw as de betrokkene dat no wol of net leuk fynt. Nei woansdeoi waard der fan alles byhelle. Ik hie dat net dwaan mochten…want dat lêst in oar ek. Dat is de wrâld op ‘e kop sette…wy libje noch hieltyd yn in frei lân en der kin eltsenien sizze wat hy fynt en tinkt sels yn de wrâld dy’t keatsen hjit. Jonge, jonge wat haw ik wer op wat teare sieltjes trape! Ik nim it foar ‘kennisgeving’oan. It is mar goed dat der gjin publikaasje is fan de berjochten op de sosjale media want dan gong it folkje oer de nekke. Der wurdt gehak fan in oantal froulju makke…lekker straks wer mei elkoar keatse.
Hearde sapas dat Ilse Tuinenga takom jier keatsen giet mei Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Ik moast it earst efkes goed sjen…Ilse mei Manon en Marrit! Hoe kin dat…no gewoan omdat Nynke Sijbrandij der mei ophâldt en dus kaam der in plakje frij. Moai foar de trije froulju mar in ramp foar it frouljus keatsen. No witte de efterbliuwers dat alle krânsen al yn it foarút fersein binne. Geweldich moai foar it frouljuskeatsen! Net dus! Dizze formaasje is in ramp foar it hieltyd lytser wurdende keatspeloton.
Yn Boalsert wienen freed de einwedstriden fan de junioaren kompetisje. Moai gebaar fan de PC mar de einwedstriden hienen in oare list fertsjinne. Sawol by de froulju as de manlju wie yn it foar al bekend wie mei de priis nei hûs gean soe…dat hie oars moatten Van der Woud de grutte man efter dizze kompetysje!
Ja dat lotsjen…je kinne der in boek oer skriuwe! Ik haw it jierren dyn met Tetman van der Meulen mar wy hawwe it noait foar elkoar krije kinnen dat sawol yn Dokkum as yn Bitgum twa deselfde partoeren op’e list stienen. Folgens de gelearden kin soks net mar by de KNKB kin dat wol. Bysûnder!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment