Kweapraat 2022 (17)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 21, 2022 21:15

Kweapraat 2022 (17)

 

It is altyd wer efkes ôfwachtsje wie of wa’t no wer efkes by it ear pakt wurde moat. Derom stel ik ek foar om alle flagen fan de bond dy’t straks op partijen te sjen binne op ‘e kop te hâlden want dúdlik is wol dat de bond de wei kwyt is. Dat leit net oan de bond seit âld-foarman Jehannes Westra dan tsjin my mar oan harren dy’t it nivo net hawwe wat nedich is om de bond stjoer te jaan. Wie bin ik dan om dat tsjin te sprekken. Mar litte wy begjinne by de útgliders fan dizze wike. No, dat wie dizze wike net sa muoilik. It reinde wer de nedige stommiteiten op de burelen fan ús direkteurke Marco. Ik tink faak hâldt it no noait op mar dan jouwe je sels it antwurd al. Nee, dat hâldt noait op salang der minsken sitte dy’t fan toeten of blazen witte. Harren dwaan en litten docht eltse wike sear oan de eagen. 

Woansdei wie de saneamde revanche fan de Freule yn Jellum-Bears. Eartiids hie dizze partij noch wat gewicht mar sûnt woansdei kin der ek wer in dikke kras troch. Eartiids stienen der 16 partoeren op de list en it wie in eare om op ‘e list te stean as keatser. No, by de lêste partij stienen der noch 13 partoeren op ‘e list. Mar net de winner fan Warber Bliuwe út Moarre-Ljussens. Twa fan de trije jonges wienen op fakânsje gongen…ik tink dan hie dat net wat letter kinnen. Mar dat wie it net allinne want ús direkteurke hie betocht omdat der sa’n bytsje partoeren wienen it miskien wol leuk wêze soe om de ferliezers noch in ferliezersronde keatse te litten. O, o wat wie keatsferiening De Twa Doarpen bliid mei dizze belêsting want sa fielde dat en fansels wie der ek wer gjin oerlis west. Want dat lêste is in fiis wurd by ús direkteurke. Hy wit it sels ommers sa goed. Nee dus!

No, wie de ferbazing oer dizze stommiteit krekt wer oer of ik seach de lotting fan Dokkum en Burchwert foarby kommen. Om mar efkes mei Dokkum te begjinnen! Der stie Kees van der Schoot op….Kees van der Schoot die siet dochs by syn leafde yn Brazilië…dy hie dochs ôfskie nommen op é PC? Dan keatst hy dochs net yn Dokkum? Dat wit eltse leafhawwer mar by ús direkteurke libje se sa as sa faak ûnder in stien en ja dan litte se it mar. No, yn Dokkum wienen der wol mear keatsers net dy’t wol op ‘e list stienen. Gjin Marten Bergsma, gjin Thomas Dijkstra, gjin Steven Koster en fansels gjin Kees van der Schoot. Blykber hie net ien fan dizze keatsers harren yn it foar ôfmeld by de bond. Want snein wienen se der útsein Kees wol yn Kimswert. 

Thomas en Steven wienen werom fan fakânsje en Marten wie der en ek wer net. Marten is yn Seisbierrum blesseare rekken oan syn han mar kin syn maten Hendrik en Menno net yn de steek litte want dan soe it samar kinnen dat it partoer fan Marten mei Dylan en Hendrik takom jier begjinne moat by de earste klassers omdat se as partoer dan net genôch punten byelkoar skarrele hawwe. Feitlik kin Marten net keatsen, in bonkje yn de opslachhan is stikken en opslaan kin net as Marten noch wat jierren keatse wol mar as hy net komt dan krijt syn partoer gjin punten foar de ranking. It is te gek foar wurden mar hy moat wol keatse as hy no wol of net wol…miskien wat foar it keatsferstân yn it HB. Coos, Bouwe en miskien Durk. De oaren haw ik net sa heech… Doch hjir wat oan. Lit dit net oer oan ús direkteurke…mar meitsje foar it partoer fan Marten Bergsma in útsundering. It kalt spat je dochs fan ‘e tosken as je hjir serieus oer nei tinke. 

Nei Dokkum seach ik de list fan Burchwert. Ja, wat tinke je dan. Seis partoerkes foar kv Sparta út Burchwert. Ik wie der by doe’t kv Sparta yn koroana tiid harren earste partij del sette op fersyk fan de bond. Ik fûn it geweldich en it hie kv Sparta poerbêst foldien. De kommende jierren dienen se wer mei mar wol graach in folweardiche wedstriid en net ien fan 18 froulju en wêr’t de winner yn it foar al bekend is. Want sa is dat! Wer wienen Manon en Marrit by elkoar lotte..al foar de seisde kear út acht wedstriden en as tagift wie Ilse Tuinenga ek de opslager. Tel uit je winst! De oare 15 min ien wist yn it foar wer gjin priis foar harren. Dit kinne je dochs net mear ferkeapje. Partoer kriege ien earst tsjin yn de trije keatste partijen. Leuk foar de oare 14 froulju. Ik soe de froulju foarstelle wolle om net mear del te kommen. Gewoan thús bliuwe en wat oars betinke sa’n dei. Wat langer mei de freon of freondinne op bêd lizzen bliuwe…je de freeds in stik yn de kraag drinke. Der is genôch te betinke wat folle leukert is dan wer hjir en der hinne te gean en te witten dat it allinne mar jild en tiid kost. Hjir kinne je dochs net bliid fan wurde! Net mear komme froulju! Miskien dat der dan wat feroaret! 

Wie der dan neat leuk dit wiekein? Tuurlik Taeke Triemstra pakte yn Kimswert op ‘e partij fan de Helfrichs syn 200ste priis salang hy no meidocht yn de topklasse fan it manljus keatsen. 200 kear foaran stean by de priis útdieling…je wurde der stil fan. Allinne syn earste prizen binne al goed foar 600 punten…. Yn 2000 is it allegearre begun mei de winst yn Snits oan de side fan Johan Okkinga en Sake Porte. Taeke wie doe 17 jier! Wa hie ea tinke kinnen dat 22 jier letter dizze mylpeal berikt wurde soe. Net ien dochs! Langsam mar seker komt Piet Jetze syn rekord tichte en tichter by. Dit jier sil it net mear slagje dan takom jier mar. Bliuw sûn Taeke…bliuw sûn! 

Oant in oare kear!

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 21, 2022 21:15
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel