Kweapraat 2022 (15)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 7, 2022 22:33

Kweapraat 2022 (15)

Kweapraat 2022 (15)

Doe’t ik hjoed yn Wytmarsum wie tocht ik daliks oan de ôfrûne PC. Wat in geweldige moaie dei mei in fertsjinne winner. Dat hie ek samar it partoer fan Marten Bergsma-en-dy wêze kinnen mar dan moatte je as partoer wol jo kânsen benutte. Dat lêste is yn myn eagen in keunst want as je as partoer fjouwer kear de trekker oer helje kinnen en dat dan neilitte dan fertsjinje je ek net om de partij te winnen. De krêft fan Tjisse Steenstra-en-dy siet yn it bliuwen leauwen yn eigen kânsen. Dat is in kwaliteit en der kinne je fier mei komme. It moast no ek dit jier foar Tjisse want dizze kear siet alles ek mei. De partoeren fan Marten Bergsma en Gert-Anne van der Bos wienen ommers troffen troch alle ellinde dy’t je mar betinke koenen. Dat beide partoeren dochs noch yn’e prizen foelen seit in soad oer harren sels mar noch mear oer alles wat nei dizze trije partoeren komt en dat is in ferrekt lyts bytsje. Partoeren dy’t net mear as fjouwer punten skoare foar in partij foar krapoan 35 minuten keatsen. Je kinne ek sizze: 16 partoer is te folle fan it goeie. Werom net werom nei tolve partoeren! Dat sil perfoarst de kommisje fan de PC net wolle mar ik fyn wol dat der oer neitocht wurde moat. Sjoch, it wie in prachtige dei dy’t troch de Permaninte Kommisje opfiert wurdt mar ik mei ek graach nei goed keatsen sjen en der hat it de lêste jierren oan. In finale fan rom 90 minuten wol noch net sizze dat it ek kwalitatief in spektakel stik wie..spannend wie it wol mei beide partoeren dy’t ta 68 punten elk kamen. Mar goed op nei de 170ste PC yn 2023.

Om noch efkes werom te kommen op de PC hearde ik dat de PC 90 ballen kwyt rekke is. Foaral oan de sydkanten fan it fjild wienen ballen kwytrekke oan leafhawwers dy’t de keatsbal net werom jaan woenen oan de famkes en jonges dy’t der foar ynhiert wienen troch de PC. Ik neam dat dieverij neat mear en neat minder!

Doe’t ik tongersdei as ôfsluting noch efkes by de PC del kaam seach ik dat de doar fan de tagong nei de klaaiboksen wer mishandele wie. Der sieten al ferskatte gaten yn mar nei woansdei moatte de plakkers wer oan de slach foar wer in gat yn ‘e doar. Kin dat no net oars….sjoch ferlies kin hiel ferfelend wêze mar ferniel dan efkes je eigen spul en net dat fan tredden.

Sneon wie wer de Ald-Meiers Partij in wedstriid foar famkes dy’t yn 2000 it ljocht seach. It is ien fan de skeakels foar de Wimpel sis mar it Klaverke Fjouwer foar de froulju. De kommisje fan de Ald Meiers hie yn 2000 betocht dat mar ien partoer per ôfdieling mei dwaan mei oan dizze wedstriid en as je him wûn hawwe dan meie je net wer mei dwaan. Dúdlike taal tinke je dan. It falt my dan ek freeslik ôf dat ek de Ald-Meiers Partij troch de knibbels gongen is om mear as ien partoer ta te litten foar de partij. Dat is omlizze foar de bond dy’t dy ûnsin ea begûn is en wer leit dat no ta. No, Lollum-Waaksens kwam mei twa partoeren en it twadde partoer gong mei skjinne telegraaf fan it fjild…wat foar wearde hat soks dan! Mar de lotterij sloech sneon fansels alles. In lotterij dy’t mar leafst in lyts healoers duorre en wêr’t Piet Viëtor foar best mocht opslaan. It like neare nei en sels Astrid Kooistra liet alles mar barre. It wie ‘tenen krommend’ om samar te sizzen.

Snein yn Wytmarsum spatte my de kalt ek weris fan ‘e tosken. Dúdlik foar my wie dat de omropper fan tsjinst net folle fan it keatsen iten hat. It oplêzen fan de útslagen joech al oan dat dizze man net út it keatsfermidden komt en dat waard noch folle dúdliker doe’t it Frysk Folkslied ynsetten waard hoewol de manlju haadklasse de heale finale keatsten en ophâlde moasten. Wa’t soks betinkt moat noch in soad leare. Och ja, de lotting moast fansels ek ûnder it keatsen bekend makke wurde. Man hat noait nei de stân op de telegraaf sjoen fansels oars hie hy dat moai yn ‘e pauze fan de finale dwaan kinnen No by de stân fan fiif earsten gelyk wurden de priiswinnende lotten omroppen. Hoe betinke je it!

Hoewol der noch dik oardel moanne keatst wurde moat is mear as de helte fan it keatspeloton drok mei de stellerij. Dat heard no ien kear by it keatsen mar je hâlde oan ôfspraken ho mar! Ik moast der oan tinke doe’t ik hearde dat Haije Jan Nicolay net yn Wytmarsum wie. Wie hy siik? Nee, mar Haije Jan waard nei de PC út syn partoer setten en ik tink dat Haije Jan der net sa bliid mei wie. Hy tocht sjoen de prestaties fan dit jier fierder te kinnen mei Gabe Jan en Pieter Jan. Mar blykber hie hy dat ferkeard tocht want hy waard troch syn maten ynlevere foar Menno van Zwieten. It is al sa âld as it keatsen is mar foar Haije Jan wie dat yn Wytmarsum efkes in grins te fier!

Oant in oare kear!        

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 7, 2022 22:33
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel