Bûnspartij wurdt woansdei 13 july útkeatst
Related Articles
De bûnspartij dy’t Pinkstermoandei healwei ôfbrutsen waard fanwege it minne waar, wurdt woansdei 13 july fierder útspile op it Sjûkelân yn Frjentsjer.
Der moat dan noch ien partij fan de twadde list spile wurde, dy giet tusken Makkum en Dronryp 2. Op de tredde list steane 14 partoeren.
Moandei waard de partij stillein om’t it fjild te min wie. Der stiene grutte wetterplassen op. KNKB-foarsitter Coos Veltman woe earst noch trochspylje litte, mar nei oerlis mei de skiedsrjochters die bliken dat it net mear ferantwurde wie. (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment