Minnertsgea wol folle bak keatse: mei publyk, terrassen en festiviteiten
Related Articles
Keatsferiening Minnertsgea giet folle bak by harren haadklassepartij op 21 july. Dan keatse de manlju en froulju haadklassers yn it doarp. De feriening hat besletten dat de partij mei de publyk, terrassen, yt-tinten en oare festiviteiten lykas oars troch gean te litten. Dat dogge sy twa wiken foar de PC yn Frjentsjer, dy’t ek trochgiet mei folle tribunen.
Besikers moatte by de yngong wol in bewiis sjen litte dat sy in prik tsjin it coronafirus krigen hawwe, of in aktuele negative test sjen litte. Dy mei maksimaal 40 oeren âld wêze. Der komme meardere yngongen om de trochstream fan publyk soepel ferrinne te litten.
Op it fjild en yn de feesttinte jilde dan gjin beheiningen lykas de 1,5 meter en de mûlkapkesplicht. (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment