Foar de 55+ skynt wer de sinne!
Related Articles
Fan’e moarn op it Sjûkelân allinne mar blide gesichten. De rom tachtich 55+ koenen wer oan de bak. Se mochten de greide wer yn. Wedstriidlieder Piet Keizer hie wer wille by it gearstallen fan de list. Allegear hienen se der wer nocht oan. Net keatse kinne…it hie wat fan yn de hoek stean op de legere skoalle. Tsjin goed healwei fiven foel de leste slach en it hie om guon noch efkes trochgean mochten. De glâns wie fan it libben of.
Foarman Ludwig Seerden hie der goed oer neitocht: wat mei der wol en wat mei der net. It kloppe allegearre as in bus. Niks gjin geseur of gedoch oer it protokol fan de Corona. As taskôger sjogge je dan ek dat der om de bliksum wol keatst wurde kin. Bytsje rekken hâlde mei elkoar mar dat dienen de mannen sûnder de Corona ek wol. De bestjoerders dy’t ek noch in wedstriid organisearje wolle hienen fan’e middei yn Frjentsjer genôch opstekke kinnen. Spitich, ik haw se yn elts gefal net sjoen
Spitich, hiel spitich dat der dan altyd noch sa’n figuer is dy’t de keatsers in hak sette wol troch de gemeente yn te seinen as dit wol allegear troch de bûgel kin. Wat binne je dan in begrutlik minske. Mar goed sokke stakkers moatte der ek wêze. Mar goed de 55+ hat sjen litten hoe’t je anno 2020 noch in wedstriid op poaten sette kinne mei op de eftergrûn de Corona!
Visser
Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…
View ArticleDurk Bonnema
As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…
View Article....
Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing
View Article