Gjin wedstriid keatsen foar 1 septimber
Related Articles
Foar 1 septimber sille der yn KNKB ferbân gjin wedstriden keatst wurde. Dat hat it keatsbûn woansdei bekind makke. De earder fêststelde datum fan 20 juni is dêrmei fan de baan. De KNKB is fan miening dat der gjin sprake wêze kin fan prestaasjesport binnen de oardel meter kontekst. Keatsferienings meie mei de nije maatregels dy’t no jilde wol sels alternative keatsaktiviteiten op tou sette. De KNKB hat de leden witte litten dat der romte is foar keatstrainings en kompetysjekeatsen. De opsje om dy aktiveiten út te wreidzjen nei ledepartijen wurdt yn gearwurking mei de sportkoepel NOC*NSF ûndersocht. (Foto: Henk Bootsma).
PC op 30 septimber? Soe moai wêze!
Oft it keatsseizoen nei 1 septimber ferlinge wurdt is ôfhinkelik fan de ûntjouwing fan it coronafirus en besluten fan de oerheid. De KNKB ûndersiket op dit stuit de mogelikheid ta keatsen yn septimber. It doel is om in alternative ferkoarte wedstriidaginda foar dy moanne op te stellen. Yn dy moanne stean de regulier plande partijen fan Penjum, Marsum en Ljouwert (De Aldehou Partij) noch gewoan op de aginda. Foarsitter Karel Nijman fan LKC Sonnenborgh: “Wij staan open voor alles.
Ook voor kaatsen zonder publiek. Maar we lopen niet te hard van stapel. We worden steeds ingehaald door de acutaliteit.” Dronryp en Bitgum hawwe oanjûn dat sy ek belangstelling hawwe foar in haadklassepartij yn septimber. OKK Bitgum fiert it 125 jierrich bestean en der sil keatst wurde om hynders. OKK hat yn in earder stadium oanjûn allinnich keatse te wollen as der publyk talitten wurde kin. Ek Kimswert hat in opsje naam op keatsen yn septimber. Fierder binne der fan ferienings noch gjin konkrete oanmeldings kommen om in haadklassepartij yn septimber te organisearjen, sa seit KNKB direkteur Marco Hoekstra.
De Freule Partij mogelik op 19 septimber.
De organisaasje fan de Freule Partij hat oanjûn der wol foar te fielen de belangrykste keatspartij foar jonges fan 14 oan’t en mei 16 sûnder publyk te keatsen. De organisaasje leit dêrmei de klam op de keatser, dy’t mar in pear jier de kâns hat om de Freule Partij de keatsen. De Freule Partij hat by de KNKB oanjûn de partij keatse te wollen op sneon 19 septimber.
Foarsitter Tjeerd Dijkstra: “Wy hawwe dy datum as konkrete datum neamd by de KNKB. Hy stiet no op de list by it keatsbûn. Wy hawwe keazen foar in sneon, omdat wy net mear yn de fakânsjetiid sitte. Boppedat soenen wy it moai fine as der foar de Freule Partij in oantal partijen keatst wurde kin troch de jonges. Boppedat hawwe wy sjoen nei de partijen dy’t al op de aginda stean en sa binne wy ta sneon 19 septimber kaam. Dy datum bleau oer.” Ek de organsiaasje fan de Ald-Meiers partij yn Hitzum wol yn septimber de partij desneeds sûnder publyk organisearje. De Ald-Meiers partij kin min of te mear beskôge wurde as de Freule Partij foar famkes.
PC en frouljus PC: Dreech ferhaal.
De PC is ûndertusken fêststeld op woansdei 30 septimber. De organisaasje hat oanjûn dat sûnder publyk keatse gjin opsje is. Sjoen de no jildende regels soe dat betsjutte dat de PC net keatst wurde sil. PC foarsitter Ids Hellinga: “Dy kâns is reëel. Mar dat wie 21 april ek al sa. Minister De Jonge hat krektlyn noch sein dat der gjin beslút naam is oer nei 1 septimber. It is inkeld in spoarboekje.
It komt der no op oan hoe’t de fersoepeling útpakt. Tal nije besmettingen, IC opnames ensfh. Foar ús is 30 septimber allinnich mar in datum. En salang it ferbod net útsprutsen is, bliuwt dat sa. ‘We’ll cross that bridge when we get there.”
Wigle Anema fan de keatsferiening yn Weidum wol graach in frouljus PC organisaerje. “Wy stean der posityf yn. Wy wolle de Frouljus-PC graag organisearje. mei alles der op en der oan. Dus ek mei publyk. mar dat sil wol dreech wurde. En dan is it de fraach oft it noch wol sin hat. Mar as de frouljus it wolle, dan dogge wy it, mar dan sil it mear wei hawwe fan in gewoane keatspartij. Mar goed, oan ús sil it net lizze.” Weidum hat oan’t no ta noch gjin datum foar de Frouljus-PC yn septimber oanfrege. Anema: “Dat litte wy oer oan de KNKB.”
Bûnsdirekteur Hoekstra lit witte dat it idee om septimber stevich te benutten foar it keatsen by de manljus mear draachflak hat as by de frouljus. Hoekstra: “Dat hat by de frouljus ferskate praktyske redenen. Bygelyks oare sporten (fuotbal, foljebal) en stúdzje.”
De KNKB wol besykje om yn de earste helte fan july in Algemiene Ledegearkomste te organisearjen. Yn dy gearkomste sil dan ek de keatsaginda foar septimber bepraat wurde. (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment