Kweapraat 10

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 13, 2020 20:06

Kweapraat 10

‘Goeie mannen, noch wat flecht op ‘e koai hân?

Sake, jonge brek my de bek net iepen. Hoewol it seizoen nei de ein rint binne der noch safolle saken dy’t je wol beneame moatte as je no wol of net wolle. Wer giet it dan om: no oer it keatsen yn Sint Anne. It keatsen mei in ferliezers ronde en in skiedsrjochter dy’t it paad hielendal kwyt wie. It optreden fan Johan van der Meulen en is soks noch ferstandich! De bern dy’t efter de tillegraaf sitte en feitlik net wite hoe’t soks no moat! It geweldige keatsen fan partoer Bergsma en de ein fan it eardere toppartoer Gert-Anne van der Bos mei as djiptepunt it ferlies op de lêste frije formaasje wedstriid yn Frjentsjer. Der seach ik ek it wunderbaarlik gedrach fan Tjisse Steenstra dy’t snein by trije ferskillende partoeren keatste. It kin net mar it barde wol! (Cartoon: Peter Vassilev).

Lit ik mar begjinne yn Sint Anne. Mar 137 leafhawwers wienen nei de Waaie kommen en dat foel my goed of. 137 man-frou hoe lang kin dat noch duorje op de sneon. Partoer Bergsma wûn mar dat hie samar oars rinne kinnen as skiedsrjochter Jan Winkel net sa út de bocht flein wie. Yn de partij Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Patrick Scheepstra kaam de formaasje met 5-2 en skjinne fouwer efter. Dylan Drent siet hielendal net yn de wedstriid en Bauke en Patrick hienen alles goed beet. Mar dan sjit Jan Winkel yn de stress. By in beslissing jout hy de bal kwea. KLear dat kin.

Mar omdat foaral Dylan op ‘e poat begjint te spiljen rekket Jan it paad bjuster. Hy rekket geandewei de grip kwyt op de wedstriid. Lang om let siket hy stipe by Peter de Bruin en foarsitter en skiedsrjochter Murk de Jong en rint sels it fjild of. Nei in nije bal is it partoer Bauke Triemstra noait mear yn de partij west. Scheepstra hat sels hast gjin bal mear rekke en Bergsma c.s. pakke doch noch de winst.

Yn Sint Anne waard ek proef draaid mei in ferliezers ronde! Bin ik gjin foarstânner fan. It is wol haadklasse keatsen. Boppedat de finale fan in haadklasse partij heard yn ien perk ferkeatst te wurden en nat sa’t it no barde yn Sint Anne. Net werd dwaan dus.

Yn Frjentsjer seach ik de ein fan it toppartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. 46 kear stie it partoer yn de finale en 34 kear wie de hage foar harren en boppedat wienen der noch 7 lytse preemjes. Yn ien wurd geweldich! Dan brekt 2020 oan en likje de suksessen gewoan troch te gean mar dan komt de Corona en alles wurd oars. Pas yn july begjint it seizoen en hoewol it seizoen aardich begjint mei in priis en in lytse preemje fielt it dochs oars.

Ik mis wat! Praat der oer mei Geert en Klaas. Klaas hat ek alles sjoen en Geert sis mar 75% fan al harren wedstriden. It fielt net mear as in partoer. Wy witte dan noch fan neat. Wy witte net dat Tjisse yn syn holle al lang ôfskie nommen hat fan Gert-Anne en Taeke. As je om je hinne sjogge dan binne je al dwaande mei je ôfskie. Guon keatsers sizze dan: dat is hiel gewoan. Dat bart al sa lang der keatsen is mar as je safolle hagen nei hûs brocht hawwe en hast fjouwer jier alles mei syn trijen dielt hawwe dan falt it de oaren wol rauw op it dak as je hearre dat je maat takon jier by de konkurrint keatsen giet.

Ik sels wie net ferbaast mar ik wist wol dat winnen no noch hiel muoilik wurde soe. Boppedat Tjisse wie Tjisse dit jier net. Kritysk besjoen hat Tjisse mar ien of twa partijen noch aardich keatst.It wie fuort: de swung wie fuort. De echte wil om te winnen liek hiel fier fuort. Syn tuskenspul: it bêste wat hy te bieden hie…wie fuort. It wie plichtmatich wat ik de ôfrûne wiken fan him seach. Sjoch, soks wurket ek troch nei syn maten Taeke en Gert-Anne. Syn opslach, trije jier lang geweldich, wie ek fuort. Mei as djiptepunt it ferlies fan it partoer snein yn Frjentsjer. Doe’t ik de mannen seach wist ik it al! Tjisse stie allinne en Taeke en Gert-Anne wienen in twamans fraksje wurden. Partoer Haije Jan Nicolay stie der by en seach der nei: 5-1 en 6-2! Spitich, osa spitich dat it sa rinne moast!

Mar doe wie it noch net klear. Nei it ferlies seach ik Tjisse wer yn de krite kommen mei Allard en Thomas. No, dat kin en dat wie poerbêst fansels. Noch efkes de sinnen fersette. Mar doe’t middeis de finale ferkeatst wurde moast seach ik Tjisse wer it fjild opkommen no as maat fan Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Tjisse wie de ferfanger fan de ‘blessearde’ balkearder Roy van der Berg. Sjoch, reglemintear sil it wol kinne mar gefoelsmjittich raast dit oan de protters. Dit dogge je dus net as topkeatser. Dan hawwe je lak oan oan je maten wêr’t prachtige prizen mei wûn hawwe. Dan meitsje je op in ferkearde wize brûk fan de “mazen” fan it reglemint. It omsittendlaag wie der dan ek net gelokkich mei wat Tjisse dien hie en ek syn maten (Renze en Hans) hienen it leaver oars sjoen. Hja tochten dat Tjisse wol op harren wachtje soe en skroken doe’t se Tjisse mei Allard en Thomas keatsen seachen. Trije kear keatse yn trije freskillende partoeren it wie foar my yn fyftich jier ek nij!

Wat ik wol seach wie it feit dat Tjisse wat frijer yn syn dwaan en litten like. Mar doe’t hy op 5-4 en 6-6 net die wat hy oars altyd wol die wist ik dat Tjisse noch net werom is in goeie dwaan. Foar 2020 wie him dat net bard. Eintsje beslut hat Tjisse ek gjin punten garre foar it keatsklassemint. Dy twa punten binne foar Roy van der Berg. Der binne keatsers dy’t noait oan dy twa punten ta komme. Dat wol fansels!

Yn Sint Anne seach ik Johan van der Meulen yn it spier. Hy wie ynfaller foar Menno van Zwieten. Dúdlik wie wol dat de lytse man muoite hie mei de ofstan fan 32 meter. Boppedat waaide it ek noch aardich en dat foar ien dy’t de lêste fjouwer noch mar in pear kear keatst hie. It ferfal is dan te grut. Ik sei ek tsjin Hans Wassenaar werom hawwe jimme bygelyks de jonge Koster fan Tsjom net frege. Dat is in grut talint! Dat soe feitlik altyd moatte jonge oankommende talinten ynfalle litte as de ien fan de mannen net kin. Ik hie him wol efkes sjen wollen yn Sint Anne en Johan hie der wol mei libje kinnen.

Oan de ein noch efkes oer de bern efter de tillegraaf. Se sille fest fan goeie wil wêze en se witte ek wol wa’t read as wyt hat mar dan hâldt it ek op. De tillegraaf wurdt hast noait draaid…der wurde je as folger bytiden net goed fan. Miskien noch ris in lytse kursus?

Sake oant in oare kear!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 13, 2020 20:06
Write a comment

1 Comment

  1. Jasper september 15, 17:57

    Beste Jan!

    Wat een skande dat de bern de tillegraaf net goed bij halde! Dit kin natuurlijk echt net bij dizze topsport……
    Dat je net elke seconde de goeie stand op de tillegraaf sjen kinne…..oh oh wat erg.
    Bern sitte sa ien elkoar Jan. Die kinne der net de hele tiid de kop der bij halde.
    Dus ik soe at ik dy wie een tillegravenkorps oprichte, sels les jaan en klear is kees….
    sa lang at ut “vrijwillig” gebeurd matte je net zeure…. ut is mar een folkloristisch spultsje, net mear en net minder!
    De bern sille harren wol oanpast he oan de keatsers mast mar tinke!

    no sa! oant oare kear Jan!

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel