Johan Sjoers 1969-2022

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 13, 2022 13:58

Johan Sjoers 1969-2022

Snein 5 juny 2022 kaam der in ein oan it libben fan Johan Sjoers fan Itens. Ik koe Johan út de tiid dat hy yn Frjentsjer wenne en op de Fryske fjilden furoare makke. Yn de advertinsje yn de Ljouwerter stie: Ik heb er vrede mee en ‘it is wat it is’. Ik heb het aanvaard, geaccepteerd en it moaiste derfan makke’. It binne de wurden dy’t Johan Sjoers as in jas pasten.

Ofrûne tongersdei stie syn ferstjerren yn de krante. Der skrikke je fan want Johan wie noch mar 52 jier. Ik koe Johan út de tiid dat hy keatste en dat die hy mei in soad wille en nocht. Berne op 22 july 1969 seach ik him foar it earst op de skoaljonges bûn fan 1982. Hy kaam dan wol net fierder as de seisde priis mar de leafhawwer seach wol dat Johan Sjoers in fin mear hie as in bears. Sjoch, Johan wie doe ek noch mar in baaske fan krapoan 13 jier âld. Mar trije jier letter wie de krânse wol foar Johan doe’t hy de priis wûn op de bond foar jonges fan 1985. Hy keatste doe mei Mark Wever en Tjipco Vellinga. Yn de finale koe Makkum mei under oaren Ype Smink en Gerard van Malsen it net rêde. Mar it hichtepunt foar Johan Sjoers wie fansels de winst op de Freule yn it selfde jier 1985. Mei Mark Wever en Tjipco Vellinga wûnen se de finale fan Wommels.

De Jong-Nederlân wie in brêge te fier mar op de bond foar senioaren wie der yn 1993 in preemje mei Arnold Terpstra en Henk Vlietstra. LKC Sonnenborgh mei Erik Seerden, Robert Roosjen en Dicky Boomstra pakten doe de winst. It wie ek de tiid dat Johan Sjoers út kaam op de earste klasse no haadklasse. It is mar in  koart eintsje west. Fan 1990 oan te mei 1993. Hy keatste him tolve kear yn ‘e prizen mei fjouwer twadde en 8 tredde prizen. 4 augustus 1990 foel hy foar it earst op in earste klas partij yn ‘e prizen. Mei Ido de Haan fan Kinswert en Sven Kuipers Mullum pakke se yn Frjentsjer in lytse premie. Fjouwer jier letter is de Gouden Willem partij yn Menaam it lêste stasjon wêr’t ik Johan dan noch sjoch. De Gouden Willem wie in moai slot fan in koarte keatskarrière. Hjoed wie yn Marsum de ôfskiedstsjinst fan de 52-jierige Johan Sjoers.

         

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 13, 2022 13:58
Write a comment

4 Comments

  1. Pieter van Althuis juni 13, 16:10

    Net bêst! Hjir skrik ik fan. Soad sterkte winske oan familie en freonen.
    Johan hat yn Peins ús as jeugd nog treent bij kv Pieter Jellema. Noflike, enthousiaste en leuke trainer foar ús west.
    Groetnis Pieter

    Reply to this comment
  2. Cerry van der Logt juni 13, 17:17

    Zeker schrikken! Mijn hele jeugd kwamen we elkaar tegen op de kaatsvelden. Johan heeft trouwens wel degelijk de Freule gewonnen nl in 1985. En die 3e maat van Makkum was ik.
    Groet, Cerry

    Reply to this comment
  3. Peter juni 13, 17:37

    Johan won de Freule ook in 1985 samen met Mark en Tjipco . finale tegen Wommels.

    Reply to this comment
  4. Antina Houtsma juni 13, 18:20

    Beste Jan, op it momint fan ferstjerren wie Johan noch 52 jier. En yn 1985 hat hy mei Mark Wever en Tjipco Vellinga de Freule wûn. Ik lies it ek yn’e krante en skrok hjir ek bot fan.

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel